Aginda
Op de side riedsynformaasje fine jo maklik alle wichtige ynformaasje fan de Ljouwerter gemeenteried. Sa kinne jo aginda's sykje yn de gearkomstekalinder, gearkomsten weromsjen by 'útstjoering mist' en wiidweidich sykje yn alle riedsstikken.
Polityk Poadium
Woansdeis, dát is de dei fan it Polityk Poadium. Woansdeitejûns is de fêste jûn foar de gearkomste fan de gemeenteried. De jûn begjint om 19.30 oere en is yn it Stedhûs oan it Hôfplein 38.
Mei it oantreden fan in nije gemeenteried is de yndieling fan it Polityk Poadium yn ûntjouwing. De ried wol alle wiken rom gelegenheid oan ynwenners biede om mei te dwaan.
Iepen Poadium
Fan 19.30 oere ôf is it Iepen Poadium mei tiid foar ynwenners, ûndernimmers, boargerinisjativen, organisaasjes, ynstellings en oare belanghawwers. Der is gelegenheid om yn te sprekken op ûnderwerpen dy't op de aginda stean. It doel is om de gemeenteried te ynformearjen sadat elkeniens ynbring meiwoegen wurde kin yn de fierdere diskusje troch de ried. Dat iepen poadium is ek ornearre om riedslju te treffen en ynformeel mei harren yn petear te gean. Sels in ûnderwerp oandrage of jo organisaasje/ynstelling presintearje kin ek. Nim dêrfoar kontakt op mei de griffy om te bepraten wat de mooglikheden binne.
Dialooch en beslút
Fan 20.30 oere ôf is it de bar oan de riedslju foar in mieningfoarmjende byienkomst. Dêr besprekke se ûnderwerpen ûnderling en/of kinne se fragen stelle oan it kolleezje. Oan de ein fan dy dialooch wurdt in konklúzje lutsen: it ûnderwerp giet troch as hammerstik nei de beslútfoarmjende riedsgearkomste óf de ried wol it ûnderwerp noch in kear besprekke foardat it definitive beslút naam wurdt. It giet dan fierder as besprekpunt nei de beslútfoarmjende gearkomste.
By in beslútfoarmjende riedsgearkomste nimt de ried besluten lykas hjirboppe taljochte. It kin wêze dat de ried it útstelde beslút noch (op ûnderdielen) oanpasse wol. Dan is der de mooglikheid om in amindemint of moasje yn te tsjinjen (útlis dêrfan lêze jo op de website gemeenteraadleeuwarden.nl). Dêrnei giet it kolleezje oan it wurk mei it útfieren fan de besluten sa't dy naam binne.
Altiten op de hichte
Aktuele ûnderwerpen mei in koarte taljochting lêze jo yn de krante Hûs oan Hûs en op dizze website. De aginda fan de gearkomsten lêze jo altiten op de website. In wike foar de datum fan behanneling wurdt de aginda publisearre op dizze site. Foar ynsprekken by it iepen poadium jildt: efkes oanmelde by de griffy. Dat kin oant op de deis fan de gearkomste oant op syn lêst 12.00 oere, troch te beljen mei telefoannûmer 058 – 233 2372 of in mail te stjoeren oan griffie@leeuwarden.nl
Folgje de ried
Jo kinne alle woansdeitejûns it Polityk Poadium folgje fia de livestream op ús website of fia lokale omrop LEO. Folgje de ried ek op facebook /gemeenteraadleeuwarden en twitter @raadleeuwarden
Mear ynformaasje
Wy kinne ús yntinken dat it Polityk Poadium noch fragen by jo opropt. Nimme jo gerêst kontakt op mei de griffy fia mail politiekpodium@leeuwarden.nl of telefoan 058 - 233 2372.