De griffy stipet en advisearret de gemeenteried by de útoefening fan syn taken as folksfertsjintwurdiging en kontrolearjend orgaan. De (rieds)griffy stiet ûnder lieding fan de griffier.
Haadtaken griffy
- de nedige ynformaasje jaan oan de gemeenteried en yndividuele riedsleden
- riedsleden stypje by it formulearjen fan moasjes, amendeminten en útstellen, it tarieden fan ynterpellaasjes en oare inisjativen
- De gearkomsten fan it presidium en gemeenteried tariede en fêstlizze
- soargje foar in fluch en goed ferrin fan de prosedueres dy't foar de beslútfoarming nedich binne
- kommunikaasjeadvys oer kontakten mei ynwenners, harksittings, wurkbesites jaan.
- Foarljochting fanút de gemeenteried jaan
- sekretariaat rekkenkeamer fersoargje, ynklusyf it begelieden fan ûndersiken
De Griffy stipet de gemeenteried, en dy syn foarsitter. Mar ek de fraksjes, de troch de ried ynstelde kommisjes en it presidium. Fierder leveret de griffy in bydrage oan in goed publike ferantwurding en it belûken fan de ynwenners fan de gemeente by de plan- en beliedstarieding.
Griffier
Haad fan de griffy is de griffier, drs. F. (Frans) van der Heide. De griffier is de earste adviseur fan de gemeenteried. Hy advisearret de boargemaster, riedsleden en it presidium (= fraksjefoarsitters fan de gemeenteried) sawol ynhâldlik as prosedureel. De griffier sit yn de riedseal neist de foarsitter en stipet him yn syn taak as foarsitter fan de gearkomste. Fierder jout de griffier lieding oan de griffy en is dus ek manager fan de griffymeiwurkers. Earste plakferfanger fan de griffier is de adjunktgriffier, Coco Hoving. Sy is mei adviseur fan de gemeenteried en is de skeakel tusken amtlike organisaasje en de gemeenteried.
Riedsadviseurs en stipe
De gemeenteried hat twa riedsadviseurs, nammentlik Sylvia Schut en Patrick Rijke. Sy binne ferantwurdlik foar de tarieding en ôfhanneling fan de gearkomsten en in goed ferrin fan de prosedueres dy't liede ta beslútfoarming.
Fierder wurkje op de griffy noch twa managementassistintes/algemien ûndersteuners; dat binne Miriam Heida en Aleida de Boer. De kommunikaasje foar ried en griffy is yn hannen fan kommunikaasje-adviseur Lies Volbeda. It sekretariaat fan de Rekkenkeamer is ûnderdiel fan de griffy. Dêr is Jellie Rijpma ferantwurdlik foar.
Kontakt
Wolle jo mear witte oer de gemeenteried of ha jo fragen oan de meiwurkers fan de griffy? Nim dan kontakt op mei de griffy fia telefoannûmer 058-233 2372 of fia it e-mailadres. griffie@leeuwarden.nl