Wolle jo jo miening jaan oer plannen fan de gemeente? Of wolle jo sels in ûnderwerp oan de oarder stelle? As ynwenner fan de gemeente Ljouwert kinne jo meiprate en/of ynsprekke mei de gemeenteried. Jo binne alle wiken fan herten wolkom by it iepen poadium. Under it skoft is der gelegenheid om mei riedslju yn petear te gean. Mear mooglikheden stean yn de opsomming.
Brief oan de ried
Wat sette jo yn jo brief?
Yn jo brief sette jo yn alle gefallen:
- it ûnderwerp; jo namme en adres; jo hantekening
Stjeor jo brief nei:
De gemeenteried fan Ljouwert
Postbus 21000
8900 JA Ljouwert
Of fia mail nei griffie@leeuwarden.nl
Petear mei riedslid
Hoe nûgje jo in riedslid út?
Dat fia in brief of in e-mail.
Adres: De gemeenteried fan Ljouwert
Postbus 21000
8900 JA Ljouwert
of mail: griffie@leeuwarden.nl
Yn jo útnûging sette jo yn alle gefallen:
as ûnderwerp: útnûging riedlid; hokker riedslid of riedslju oft jo útnûgje wolle; jo namme en adres.
Iepen poadium en skoft
By it Polityk Poadium binne de ûnderdielen iepen poadium en skoft de mominten dat jo jo miening jaan kinne en prate kinne mei de gemeenteried. Jo binne fan herten wolkom om eltse woansdeitejûn ûnder it iepen poadium yn te sprekken en de ried te ynformearjen oer in ûnderwerp op de aginda. Under it skoft is der gelegenheid om mei de riedsleden yn petear te gean.
Iepen Poadium
By it iepen poadium komme ûnderwerpen yn in ier stadium op it aljemint. It doel is om de gemeenteried te ynformearjen. Jo kinne dêroan bydrage troch yn te sprekken. Wolle jo sprektiid krije om jo miening te jaan oer in ûnderwerp dat op de aginda stiet? Dat kin! Dêr moatte jo josels yn it foar foar oanmelde by de griffy. Dat kin oant op de deis fan de gearkomste uterlik 12.00 oere. It iepen poadium begjint om 19.30 oere.
Skoft
Yn it skoft binne de riedslju graach reewillich om mei jo yn petear te gean.
Dialooch en beslútfoarming
Nei it skoft is it de bar oan de riedslju foar in mieningfoarmjende byienkomst. Dêr besprekke se ûnderwerpen ûnderling en/of kinne se fragen stelle oan it kolleezje. Oan de ein fan dy debatsessy wurdt in konklúzje lutsen: it ûnderwerp giet troch as hammerstik nei de beslútfoarmjende riedsgearkomste óf de ried wol it ûnderwerp noch in kear besprekke foardat it definitive beslút naam wurdt. It giet dan fierder as besprekpunt nei de beslútfoarmjende gearkomste.
By in beslútfoarmjende riedsgearkomste nimt de ried besluten lykas hjirboppe taljochte. It kin wêze dat de ried it útstelde beslút noch (op ûnderdielen) oanpasse wol. Dan is der de mooglikheid om in amindemint of moasje yn te tsjinjen (útlis dêrfan lêze jo op de website gemeenteraadleeuwarden.nl). Dêrnei giet it kolleezje oan it wurk mei it útfieren fan de besluten sa't dy naam binne.
Spulrigels by ynsprekken
1. By oanfang fan de behanneling fan it agindapunt jout de foarsitter de ynsprekker(s) it wurd.
2. De foarsitter jout it wurd op folchoarder fan oanmelding. De foarsitter kin fan de folchoarder ôfwike as dat yn it belang is fan de oarder fan de gearkomste.
3. Jo krije maksimaal 3 minuten it wurd.
4. Jo meie it wurd fiere nei't de foarsitter jo it wurd jûn hat.
5. Jo kinne net ynsprekke oer: in beslút fan it gemeentebestjoer wêrtsjin't in beswier- en/of beswierskrift yntsjinne is of de rjochter om in útspraak frege is, en de útspraak noch net fêststeand wurden is, of beneamings, keuzes, foardrachten of oanbefellings fan persoanen
6. Jo melde jo fóar 12.00 oere op de deis fan de gearkomste oan.
Boargerinisjatyf
Referindum
Hjirûnder lêze jo ynformaasje oer it gemeentlik referindum.
In referindum is in folksrieplachting oer in beskaat ûnderwerp, eins in soarte fan minyferkiezing foar dat ûnderwerp. De gemeente kent twa soarten referinda: in riedjaand referindum en in rieplachtsjend referindum.
Riedjaand referindum
It riedjaand referindum is in troch de befolking oanfrege referindum. Gauris giet dat oer in ûnderwerp dêr't de gemeenteried noch in beslút oer nimme moat. Boargers dy't in referindum oanfreegje, tinke yn dat gefal dat in mearderheid fan de kiezers in oare miening hat as de gemeenteried.
Wichtichste betingsten
• Jo ha 300 hantekenings fan kiesberjochtige ynwenners fan Ljouwert nedich dy't jo oanfraach stypje.
• Mei dy hantekenings tsjinje jo in 'ynliedend fersyk' by de gemeente Ljouwert yn.
• As de gemeenteried lkkoart is, moatte op syn minst 3.000 kiesberjochtige ynwenners fan Ljouwert binnen seis wiken oanjaan dat sy jo fersyk om in referindum stypje.
Riedjaand referindum
De gemeenteried kin sels ek in referindum útskriuwe. Dat hjit in rieplachtsjend referindum. Dat docht de gemeenteried wannear't sy de miening fan de boarger witte wol oangeande in te nimmen beslút. Dat kin yn de form fan in ja/nee-fraach wêze (we dogge it of we dogge it net) of yn de foarm fan in seary alternativen dêr't de boarger út kieze kin (we dogge it, mar op de wize A, B of C).
Wolle jo mear witte oer de spulrigels fan it referindum? Rieplachtsje dan de Referindumferoardering.
Digitaal boargerpanel
Jo beäntwurdzje ûngefear fiif kear it jier fia e-mail fragen oer aktuele ûnderwerpen yn de gemeente Ljouwert. Krekt as hûnderten oare ynwenners fan de gemeente. Alle antwurden byinoar smite ynformaasje op oer de miening fan de ynwenners en oer wat yn de stêd spilet. Dy ynformaasje brûkt de gemeente Ljouwert om problemen effisjinter op te lossen of belied better stal te jaan.
Betingsten
•Jo binne op syn minst 18 jier âld.
•Jo wenje yn de gemeente Ljouwert.
•Jo ha de frije kar om diel te nimmen oan in panelûndersyk.
•Jo kinne josels op elts stuit ôfmelde.
•Wy brûke jo gegevens anonym en allinne foar ûndersyksdoelen.
Oanmelde foar Digitaal Boargerpanel
Folje it kontaktformulier yn. Of belje 14 058 (mo. o/m fr. 08.30 - 17.00 oere en to. 08.30 - 19.30 oere).