Alle fjouwer jierren wurde der gemeenteriedsferkiezeings holden. Dan kieze de ynwenners fan de gemeente Ljouwert fan 18 jier en âlder in nije gemeenteried.
De gemeenteried is de folksfertsjintwurdiging en dêrmei it heechste bestjoersorgaan fan de gemeente. De ried beslút oer it belied en nimt alle oare besluten dy't foar de gemeente fan belang binne. De gemeenteried telt 39 riedsleden ferparte oer alve fraksjes. In fraksje is in groep riedslju fan deselde politike partij. De gemeenteriedslju moatte har hâlde oan de pdf gedragscode (PDF, 406.31 KB) voor de leden van de gemeenteraad. De riedsleden dogge melding by de gemeente fan de funksjes en njonkenfunksjes dy't sy beklaaie. It oersjoch is bondele yn itpdf register nevenfuncties raadsleden 2018 - 2022 (PDF, 50.44 KB) fan de gemeente Ljouwert.Fraksje-assistinten
De fraksjes yn de gemeenteried kinne fraksje-assistinten oanstelle. In fraksje-assistint stipet de riedsleden by it wurk foar de gemeenteried. Fraksje-assistinten kinne ûnder de byienkomsten fan it Iepen Poadium meiprate yn it Iepen Poadium en de Politike Dialooch. Sy meie it wurd net fiere by in beslútfoarmjende gearkomste en net stimme by de beslútfoarming. Wa't de fraksje-assistinten binne, lêze jo yn it oersjoch fraksjes op dizze side. De fraksje-assistinten dogge melding fan njonkenfunksjes. Dizze binne te lêzen yn it pdf Register nevenfuncties fractieassistenten 2018-2022 (PDF, 444.82 KB).Sitferdieling
PvdA 11 raadsleden, PALGrienLinks 5 riedslju, CDA 5 riedslju, VVD 4 riedslju, D66 4 riedslju, Gemeentebelangen (GB) 2 riedslju, Fryske Nasjonale Partij (FNP) 2 riedslju, KristenUny 2 riedslju, List058 2 riedslju, 50plus 1 riedslid, Partij foar de Bisten 1 riedslid.
Haadtaken gemeenteried
De gemeenteried hat trije haadtaken:
- haadlinen belied bepale: de gemeenteried bûget him oer allerhanne ûnderwerpen dy't foar de gemeente en har ynwenners fan belang binne.
- ynwenners fertsjintwurdigje: troch kontakt mei de ynwenners fan de gemeente Ljouwert te ûnderhâlden witte riedsleden wat der spilet en libbet yn de stêd en de doarpen. Sy nimme de belangen fan de ynwenners mei by it nimmen fan besluten.
- deistich bestjoer kontrolearje: de gemeenteried kontrolearret oft it kolleezje fan boargemaster en wethâlders it belied goed útfiert en har bestjoerstaken goed ferfollet.
Gearkomsten gemeenteried
Woansdeitejûns is de fêste jûn foar de gearkomste fan de gemeenteried. De jûn begjint om 19.30 oere en is yn it Stedhûs oan it Hôfplein 38.
De ried wol eltse wike rom gelegenheid biede oan ynwenners om mei te dwaan.
fan 19.30 oere ôf is it Iepen Poadium mei tiid foar ynwenners, ûndernimmers, organisaasjes, ynstellings en oare belanghawwers. Der is gelegenheid om yn te sprekken op ûnderwerpen dy't op de aginda fan de politike diaolooch stean. It doel hjirfan is om de gemeenteried te ynformearjen sadat elts syn as har ynbring meiwoegen wurde kin yn de fjirdere diskusje troch de ried. It iepen poadium is ek bedoeld om riedsleden te moetsjen en ynformeel mei harren yn petear te gean. Sels in ûnderwerp oandrage of jo organisaasje of ynstelling presintearje kin ek. Nim dêrfoar kontakt op mei de griffy om te besprekken wat de mooglikheden binne.
Fan 20.30 oere ôf is de bar oan de riedsleden. It ritme is yn prinsipe dat der twa wiken in mieningsfoarmjende byienkomst organisearre wurdt en de tredde wike in beslútfoarmjende byienkomst is. By de mieningsfoarmjende (of oardielsfoarmjende) besprekt de ried ûnderwerpen ûnderling en/of kinne sy fragen stelle oan it kolleezje. Oan de ein fan 'e dialooch wurdt in konklúzje lutsen: it ûnderwerp giet troch as hammerstik nei de beslútfoarmjende riedsgearkomst, óf de ried wol it ûnderwerp noch in kear besprekke. ear't it definitive beslút nommen wurdt. It giet dan fierder as besprekpunt nei de beslútfoarmjende gearkomst.
By in beslútfoarmjende riedsgearkomste nimt de ried besluten lykas hjirboppe taljochte. It kin wêze dat de ried it útstelde beslút noch (op ûnderdielen) oanpasse wol. Dat is der de mooglikheid om in amindemint of moasje yn te tsjinjen (útlis dêrfan lêze jo op in oar plak op dizze site). Dêrnei giet it kolleezje oan it wurk mei it útfieren fan de besluten sa't dy naam binne.
Aginda
Aktuele ûnderwerpen mei in koarte taljochting lêze jo ynsidinteel yn de krante Huis aan Huis en wykliks op dizze website. De aginda fan de gearkomsten lêze jo altyd op de website. In wike foar de datum fan behanneling wurdt de aginda hjirop publisearre. Foar ynsprekken by it Iepen Poadium jildt: efkes oanmelde by de griffy. Dat kin oant op de dei fan de gearkomst oant op syn lêst 12.00 oere ta troch te beljen mei telefoannûmer 058 - 233 2372 of in mail te stjoeren nei griffie@leeuwarden.nl
Folgje ús
Jo kinne alle woansdeitejûns it Polityk Poadium folgje fia de livestream op ús website www.gemeenteraadleeuwarden.nl of fia lokale omrop LEO. Folgje de ried ek op facebook /gemeenteraadleeuwarden en twitter @raadleeuwarden
Mear witte oer de gemeenteried?
Wolle jo mear witte oer de gemeenteried? Nim dan kontakt op mei de Griffy fia telefoannûmer 058-233 2372 of fia it e-mailadres. griffie@leeuwarden.nl. Yn de Gemeentewet fine jo mear ynformaasje oer de gemeenteried.