Skip To Main Content
Ga naar de inhoud

Janneke de Boer

FNP

Portret foto van raadslid Janneke voor een houten trap met een schilderij op de achtergrond. Een statig portret.

Ik bin Janneke de Boer út Weidum en dêr leit ek myn hert. Op it doarp. Ik bin grutbrocht yn it doarpslibben en fiel my sterk ferbûn mei de minsken, de mienskip en de Fryske manier fan libjen. As Friezen binne wy eigenwiis op in goeie manier: wy stekke de hannen út de mouwen, sizze wêr’t it op stiet en regelje dingen graach mei-inoar. Dy mentaliteit sprekt my oan en nim ik ek mei yn myn wurk as riedslid foar de FNP.

Al jierren bin ik jierre aktyf by ferskate ferieningen, organisaasjes en aktiviteiten. Fan de muzykferiening oant it doarpshûs: ik fyn it wichtich dat minsken inoar moetsje kinne en dat doarpen leefber bliuwe. Want in sterke gemeente begjint by sterke doarpen én sterke wiken, dêr’t minsken har thús fiele en mei-inoar ferbûn binne.

Yn it deistich libben wurkje ik yn Ljouwert en neist myn wurk skriuw ik graach. Ik haw ûnder oare berneboeken skreaun en bin as tekstskriuwer foar ferskate media aktyf. Taal, kultuer en ferhalen ferbine minsken en binne in wichtich part fan wa’t wy binne as Friezen.

Ik set my yn foar ûnderwerpen as wenjen, leefberens, natuer, kultuer en kultueredukaasje. Foar my is it wichtich dat jongerein yn eigen doarp of wyk wenje bliuwe en dêr in takomst opbouwe kinne. Ek jou ik graach romte oan ûndernimmerssin, lokale inisjativen en minsken mei goede ideeën. De FNP leaut yn fertrouwen jaan, koarte linen en de krêft fan de mienskip. Dêr herken ik mysels hielendal yn.

As riedslid wol ik tagonklik wêze en goed lústerje nei wat der spilet yn de stêd, de doarpen en de wiken. Gjin grutte wurden of efterkeammerkes, mar gewoan earlik, dúdlik en mei beide fuotten op ’e grûn. Want allinnich mei-inoar hâlde wy ús gemeente sterk, leefber en eigen.

Je kunt Janneke mailen via janneke.deboer@leeuwarden.nl